Nasjonale mûnedei

De mûnen yn Fryslân draaie dit wykein folop. De nasjonale mûnedei duorret dit kear it hiele wykein. Op alle tradisjonele mûnen draaie de wjukken en kinne besikers ynformaasje krije. En as it genôch waait, kinne de wjukken ek noch oan de masjinery oansluten wurde sadat de mûnen produsearje kinne.
De iepen dagen wurde al sûnt 1972 organisearre. Goed 600 Nederlânske wyn- en wettermûnen en gemalen binne tagonklik.