Drokte op Fryske diken

© Omrop Fryslân
Dit wykein is it hiel drok yn Fryslân. Op alle ynfalsdiken fan de provinsje wie it oant freedtejûn let drok. Der stienen lange files rjochting it Noarden. Foaral op de Ofslútdyk rjochting Fryslân stiene lange files: yn it begjin fan de jûn sels 18 kilometer lang. Mear as de helte fan de hiele dyk stie stil.
Foar de rekreaasjebrânzje is it Pinksterwykein it drokst besette wykein fan it jier.