Advokaat stiet Bolt by

10 maaie 2008 - 12:27

Advokaat Vallenduuk giet snein nei Frankryk om syn kliïnt Klaas Jan Bolt juridysk by te stean. De Harnzer frachtweinsjauffeur wurdt fertocht fan drugssmokkel en sit al trije jier yn foararrest yn in Frânske sel. Neffens Vallenduuk kin dat net neffens de Frânske wet en dit sil in wichtich punt wurde yn de saak.

Hoe't de útspraak op 23 maaie útpakt, wit Vallenduuk net. De earste slach is dizze wike al ferlern. It fersyk om Bolt frij te litten, is ôfwiisd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)