Verburg:neat mis by slachterij

© Omrop Fryslân
Ut de kontrôles by Friesland Vlees hat net bliken dien dat der earnstige misstannen binne by de slachterij. Dit hat minister Verburg fan lânbou freed sein as antwurd op keamerfragen fan PvdA, VVD en CDA.
Verburg is net fan doel om ekskuses oan te bieden oan it bedriuw. Direkteur Harry Wildeboer hie dat frege omdat Verburg it bedriuw yn de problemen brocht hat troch har útlittings. It gie Verburg by de kontrôles allinnich om it ferfier.