Boek oer Rinsma State ferskynd

Rinsma State by Driezum is no it bûten fan Scheringa
Earst wie it in bûten, dêrnei âldereintehûs en gemeentehûs en no is it wer in bûten. Dat is yn it koart de skiednis fan Rinsma State yn Driezum.
De skiednis is beskreaun yn it boek Rinsma State, van Sytzama tot Scheringa, dat freed presintearre waard op it nije gemeentehûs yn Damwâld. Tsjintwurdich is de state yn hannen fan multimiljonêr Dirk Scheringa, dy't it hielendal restaurearre hat. De state wurdt mooglik wol wer troulokaasje.