Merkkeaplju lulk om 'Aailân'

09 maaie 2008 - 16:45

De merkkeaplju fan de freedsmerk yn Ljouwert binne poerrazend op de gemeente Ljouwert. De grutte spegelaaien dy't op it Saailân ferve binne troch keunstner Henk Hofstra wjerkeatse it ljocht. Hjirtroch soe de termometer op it waarme 'Aailân' oprinne oant wol sa'n 45 graden, sizze de merkkeaplju.

De keaplju driigje sels mei it plat lizzen fan de Ljouwerter merk as der net gau wat feroaret oan de oerlêst troch de grutte spegelaaien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)