Frysk biedt marketeers kânsen

09 maaie 2008 - 16:13

It Frysk kin folle mear yn 'e marketing brûkt wurde as no bart. Dat stiet yn in rapport fan it Berie foar it Frysk, in advysorgaan fan 'e provinsje. Fryslân en Friezen ha in posityf imago bûten Fryslân. Dat jout ek kânsen om mear Frysk te brûken, sa stiet yn it rapport.

In subsydzjepot 'Frysk yn it bedriuwslibben' soe helpe kinne om bedriuwen te ferlieden om it Frysk mear te brûken, sa stiet yn it rapport 'Frysk yn marketing'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)