Tredde MRI-apparaat yn MCL

09 maaie 2008 - 15:07

It MCL-sikehûs yn Ljouwert hat fan nije wike tiisdei ôf tydlik net twa mar trije MRI-aparaten. Mei in mobile MRI derby hopet it MCL de gruttere fraach nei ûndersiken better oan te kinnen. De ôfrûne tiid is it tal minsken dat foar in MRI-scan komt bot tanaam. Op it stuit komme der alle moannen goed 700 minsken foar in scan.

It tredde apparaat dat der no kaam is, is tydlik, mar it is it doel dat der takom jier permanint in tredde MRI-apparaat by komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)