Ophâlde mei muskusrattejacht?

09 maaie 2008 - 14:53

De polityk yn Grinslân lit him takom wike woansdei ynformearje oer it plan om tydlik op te hâlden mei it fangen fan muskusratten. Deputearre Steaten fan Grinslân wolle sa'n proef hâlde. It effekt fan 'e bestriding fan muskusratten is neffens de Grinslanners net goed dúdlik.

Wetterskip Fryslân hat earder al sein dat se dêr net bliid binne mei de proef. It wetterskip is benaud dat it tal muskusratten yn Fryslân bot tanimme sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)