Binnenfeartskippen te grut?

09 maaie 2008 - 12:45

Troch de hieltiid grutter wurdende skippen yn de binnenfeart driigje de farwegen te lyts te wurden. Benammen de lytsere boatsjes yn Fryslân kinne dêr wolris lêst fan krije. Dat tinkt it haadbestjoer fan de Keninklike Schuttevaer. Op it jierlikse kongres fan Schuttevaer op 29 en 30 maaie sil derom diskuseard wurde oer hoe dizze problemen oplost wurde kinne.

De fraach of't de farwegen grutter wurde moatte of de skippen lytser wolle se dan beantwurdzjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)