Bommen oprêde by Makkum

09 maaie 2008 - 12:11

Der moat in grutte fleantúchbom ferwidere wurde út in binnendyk by Makkum. Oan de iene kant fan de dyk leit it Van Panhuyskanaal en oan de oare kant in polder dêr't earder de Makkumermar wie.

Yn it kanaal sels leit ek noch in bom. It wie al langer bekend dat der bommen lizze moasten, mar fanwege baggerwurk is der no ek echt nei socht. Omdat it risiko fan in bom yn in kade te grut is, wurdt besocht beide bommen yn juny op te romjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)