Verburg bellet Friesland Vlees

Doek noch net fallen foar Friesland Vlees
No't minnister Verburg persoanlik belle hat, krije se by Friesland Vlees wer wat hoop. De oanfraach foar it ûntslach is útsteld. Mei it tillefoantsje is it bedriuw noch net rêden en iepenlik eksús fan de minister, bliuwt noch altyd de eask.
Mei in artikel yn it AD moat Friesland Vlees de klanten mar oertsjûgje dat der neat oan de hân is mei de slachterij sels, sa sei de minister. Freed sil Verburg antwurd jaan op keamerfragen fan CDA'er Joop Atsma.