Sloop fertutearze hûs Britsum

© Omrop Fryslân
In fertutearze hûs yn Britsum sil ferfongen wurde. It giet om in hûs oan de Lytse Buorren. It is al lang yn minne steat. Petearen mei de eigner fan it hûs wiene earst op neat útrûn.
De gemeente hat de druk dêrom opfierd en no hat de eigner it gebou dochs ferkocht oan WoonFriesland. Dy sil it hûs slope en ferfange troch nijbou. Werstel fan it hûs is net mooglik, sa seit WoonFriesland.