Krityk Konsumintebûn sikehuzen

Net genôch ûnderfining foar sloktermoperaasjes
De sikehuzen fan Snits, Drachten en It Hearrenfean moatte ophâlde mei it útfieren fan gefaarlike slokterm-operaasjes. Dat fynt it Konsumintebûn.
De sikehuzen sizze dat de gegevens efterhelle binne. Sa ha se de yngewikkelde operaasjes ûnderling ferdield. De slokdarmoperaasjes wurde yn Snits dien, op It Hearrenfean ûnder oare de alfleisklier en yn Drachten de maachoperaasjes. Mei dy ferdieling wurdt de noarm fan de ynspeksje helle, sa seit in wurdfierder.