Frachtweinsjauffeurs op 'e bon

08 maaie 2008 - 10:50

Ien op de twa frachtweinsjauffeurs hâldt him net oan de miljeu- en feilichheidseasken. Dat die woansdei bliken út in grutte kontrôle fan de plysje. Fan de 50 kontrolearre frachtauto's krige de helte in bon.

De frachtweinen waarden kontrolearre op de N31 by Nyegea en op de Loswal yn Drachten. In Dútske sjauffeur hie de measte oertrêdings. Ien fan de bannen wie net yn oarder, de lading dong stie los yn de wein en de sjauffeur ferfierde mear dong as er mocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)