Winst foar De Friesland

08 maaie 2008 - 10:29

Soarchfersekerder De_Friesland hat ferline jier trije ton winst makke. Dat docht bliken út de jiersifers dy´t bestjoersfoarsitter Feenstra bekendmakke hat.

Foaral de belizzingen smieten jild op, mar de winst waard beheind trochdat de kosten fan fysioterapy en de toskedokter omheech gongen. Der waard yn 2007 folle faker in berop dien op dy oanfoljende fersekeringen. Dat jildt ek foar de alternative genêskunde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)