Maleur wetter Easterlittens

It lek wurdt makke
By drainaazjewurk yn in stik lân by Easterlittens is tongersdeitemoarn in wetterlieding stikken rekke. Dêrtroch binne in pear huzen yn de buert sûnder wetter komme te sitten. Oare minsken hawwe lêst fan lege druk en brún wetter.
Neffens wetterliedingbedriuw giet it net om sa´n hiele grutte lieding. Meiwurkers fan Vitens sille it lek meitsje.