Fiskers sette iel út

07 maaie 2008 - 16:26

De kommende dagen sette Fryske binnenfiskers goed hûnderttûzen ieltsjes út yn ´e Fryske marren. Dat moat helpe om de ielstân te ferbetterjen. Dy wurdt minder om´t de glêsieltsjes troch alle deltawurken en slûzekompleksen amper mear it binnenwetter berikke kinne. Dat is krekt it plak dêr´t de iel grut wurdt.

De iel dy´t no útset wurdt, komt fan fiskkwekers. Op ´e Tsjûkemar waard tiisdeitemiddei 32 kilo iel frijlitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)