'Ferfier gjin wrak fee mear!'

07 maaie 2008 - 11:52
  • Troch Friesland Vlees is der wer in soad oandacht foar it ferfier fan wrak fee

De COV, de Centrale Organisatie voor de Vleessector hat grutte soargen oer it transport fan wrakke bisten, dat noch hieltiten plakfynt. Se reagearje dêrmei op de hiele gong van saken by Friesland_Vlees yn Ljouwert.

De COV ropt dêrom alle feehâlders en slachterijen op om yn it belang fan de bisten soarchfâldich om te gean mei de bisten en har te hâlden oan de wet dy´t seit dat wrakke bisten net mear ferfierd wurde meie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)