Húsdokter socht foar Skylge

07 maaie 2008 - 06:21

Der moatte húsdokters fan bûten it eilân nei Skylge helle wurde, om de fakânsjes fan de dokter op West op te fangen. Jeroen_van_Helsdingen is de iennige húsdokter op West sûnt syn kollega Mellema mei pensjoen gien is. In twadde húsdokter foar de praktyk ite finen is oant no ta net slagge. Dêrom wurdt apart foar de waarnimming in tydlike húsdokter yn ´e praktyk oansteld.

Op Skylge is noch in praktyk mei trije húsdokters op Midslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)