Buert bang foar stoompretpark

06 maaie 2008 - 23:25

Omwenners fan it Snitser stasjon binne bang foar oerlêst troch it stoomtreinattraksjepark dat dêr komt. Elk jier wurde der 100.000 besikers ferwachte. De buert is bang dat dat foar grutte drokte, fersmoarging en in soad parkearoerlêst soargje sil.

Omwenners waarden tiisdeitejûn ynformearre oer de plannen fan Stoomstad_Sneek. Trije kear deis sil in stoomtrein tusken Snits en Starum ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)