Van der Duim útskeakele
Tennisser Antal_van_der_Duim fan Finkegea is útskeakele yn de earste ronde fan it Challengertoernoai yn it Dútske Dresden.
Ferline wike spile Van_der_Duim, no 434ste op de wrâldranglist, foar it earst in Challengertoernoai en helle er de twadde ronde. No waard er útskeakele troch de Dútser Andreas_Beck (155ste fan de wrâld) mei de setstannen 6-4 en 6-1.