Keunstwurk hjit Aailân

It keunstwurk sjoen fan út de loft
It keunstwurk op it Ljouwerter Saailânplein krijt de namme Aailân. Tiisdeitemiddei waard it giel-wite wurk fan de Drachtster keunstner Henk Hofstra iepensteld foar it publyk.
It Ljouwerter gemeentebestjoer wol mei de grutformaat spegelaaien oandacht freegje foar it plan Nij Saailân. It idee komt by Hofstra sels wei. Mei 14.000 kante meter is Aailân it grutste omjouwingskeunstwurk fan Nederlân.