Jild foar Frysk plattelân

© Omrop Fryslân
Hiel Fryslân kin in berop dwaan op in pot mei jild foar plattelânsûntwikkeling. Dêr is de kommende jierren 40 miljoen euro foar beskikber. It jild moat brûkt wurde foar de ekonomyske ûntwikkeling fan it gebiet. Bygelyks foar boeren dy't omskeakelje fan lânbou nei toerisme.
Earder koene allinne bepaalde gebieten yn de provinsje, dy't dêr bot ferlet fan hiene sokke subsydzje krije. No is dêr ek Súdeast Fryslân bykaam.