Fierljepskâns Burgum útwreide

Oan it sânbêd wurdt noch hurd wurke
De earste fierljepwedstriid fan it seizoen yn Burgum, no sneon, wie hast yn it wetter fallen. De Burgumer ljeppersklub hat in soad tsjinslach hân by de oanlis fan de nije skâns. Mar mei help fan frijwilligers liket it allegear goed te kommen.
Der kin sneon feilich sprongen wurde, want de nije sânbak is in stik grutter wurden. Dat moast ek wol om´t toppers lyk as Bart_Helmholt sa fier sprongen dat se de bak hast foarby giene.