Snits hellet twa nije spilers

06 maaie 2008 - 15:53

Sneinshaadklasser Snits hat foar takom seizoen twa nije spilers oanlutsen. It giet om Harold de Vries dy't no noch by Harkemase Boys spilet en earder ek foar De Jouwer. Ek Geart Jelle de Vries makket takom seizoen wer diel út fan de A-seleksje. Earder wie hy ophâlden mei spyljen.

Snits is noch yn petear mei twa of trije oare nije spilers. De klup hat de ambysje útsprutsen om yn it seizoen 2009/2010 út te kommen yn de nije te foarmjen Topklasse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)