Fryske teatersubsydzje al op?

06 maaie 2008 - 14:10

De PvdA yn 'e Fryske Steaten wol fan Deputearre Steaten witte oft de subsydzje foar teater en muzyk no al op is. De pot soe begjin maart al leech wêze mei as oarsaak in nije regeling foar takenning fan it jild.

Foarhinne beseach in kommisje in pear kear yn 't jier wa't subsydzje krige. No wurde alle oanfragen op folchoarder fan binnenkomst honorearre. Boppedat mei no net langer as seis moanne foar in evenemint subsydzje oanfrege wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)