10 finalisten Liet bekend

De tsien finalisten fan it Fryske sjongfestival Liet binne bekend makke. Dat binne: Jelte Posthumus, Katterpillaar, Nassau, De Derelict Dandies en Xigatze plus Terpfolk. Fierders gean Ljoubjr, Gien Gok, De Seedyk, Trienke en Carolien ek troch.
Sy kamen allegearre as winners út 'e bus fan 'e fiif foarrondes op ferskate plakken. Liet 2008 is op sneon 17 maaie yn 'e Harmonie yn Ljouwert. De winner giet nei Liet Ynternasjonaal yn it Noard-Sweedske Lulea.