Ferwûnen by oanriding

06 maaie 2008 - 09:46

In 24-jierrige automobiliste út Amsterdam en in famke fan 12 jier binne moandeitemiddei ferwûne rekke.

De frou ried fan 'e autodyk A32 ôf en botste by it opriden fan 'e wei nei Snits op in frachtauto. Dy waard bestjoerd troch in man fan 24 jier út Drachten. De frou en it famke dat by har yn 'e auto siet, binne nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)