Berôving mei pistoal

© Omrop Fryslân
De plysje docht ûndersyk nei in berôving tiisdeitemoarn yn Ljouwert. In 19-jierrige Harnzer krige by it pinnen yn 'e Van Swietenstrjitte in pistoal ûnder de noas drukt. Hy moast it jild en syn mobyltsje ôfjaan. De Harnzer koe de belager, want hy hie him krekt dêrfoar troffen yn in hoarekagelegenheid.
De twa giene nei bûten foar in hanneltsje. By de pinautomaat gie it mis. De fertochte luts ynienen in pistoal.