Hearrenfean ûnderút yn Arena

Hearrenfean hat yn de Amsterdam Arena net foar in stunt soarge. De ploech fan Gertjan Verbeek ferlear kânsleas mei 3-1 fan Ajax. Dêrtroch is Hearrenfean net langer yn 'e race foar in ticket yn 'e Champions Leaque.
Brekpunt yn de wedstriid wie de reade kaart (twa kear giel) foar Michael Bradley yn de 39ste minút. Ajax skoarde fia Perez (2 kear) en Rommedahl. Pranjic sette de earetreffer foar Hearrenfean op it skoareboerd.