Ferlies foar Jong Cambuur: 0-2

© Omrop Fryslân
De beloften fan SC_Cambuur hawwe moandeitejûn ferlern fan Jong Volendam. Op sportpark ´De hertgang´ wûnen de Volendammers mei 2-0. Yn de blessueretiid fan de earste helte kamen de besikers fia Bas Ent op foarsprong.
Nei it skoft hie Cambuur in pengel fertsjinne doe´t Bennie van Noord yn it strafskopgebiet ûnderút helle waard. De strafskop waard lykwols net jûn en dêrnei soarge Melvin Platje foar de 0-2 einstân.