Rjochtsaak tsjin Bolt begongen

05 maaie 2008 - 20:40

De rjochtsaak fan Harnzer sjauffeur Klaas Jan Bolt yn Frankryk is moandei begongen mei goed 4 oeren fertraging. Bolt wurdt fertocht fan drugshannel en sit al goed trije jier yn foararrest yn in Frânske sel. Doe't hjoed einlings de rjochtsaak begjinne soe, die bliken dat ien fan de wichtichste fertochten yn de saak der net wie.

De Frânske justysje tinkt dat se mei dizze saak in grutte smokkelbende oprôlje sil. De rjochtsaak duorret oant 23 maaie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)