Cambuur finansjeel feilich

Cambuur is neffens de KNVB in finansjeel feilige club
Cambuur is finansjeel in feilige club. Dat fynt teminste de KNVB dy't de Ljouwerter club ek foar it nije seizoen wer yndield hat yn de feilige kategory nûmer 2. Yn kategory nûmer 1 falle clubs dy't ûnder strang tasicht fan de KNVB steane. Yn dy kategory siet Cambuur in pear seizoenen lyn noch wol.
De meast sûne clubs sitte yn kategory 3 en it is it doel fan Cambuur om yn de takomst ek yn dy kategory te kommen.