Weening hat noch kâns op Tour

05 maaie 2008 - 16:09

Hurdfytser Pieter Weening makket noch hieltyd kâns op dielname oan de Tour de France dit jier. Ploechlieder Erik Breukink fan de Rabobankploech hat him opnaam yn de foarseleksje fan 14 koereurs.

Uteinlik meie njoggen hurdfytsers yn Frankryk starte. De seleksje fan Weening is opmerklik omdat er dit jier noch net yn aksje kaam is troch in knibbelblessuere. De Tour de France wurdt dit jier holden fan 5 oant 27 july.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)