Personiel Frsl. Vlees nei AB?

Friesland Vlees giet ticht
Personiel fan Friesland Vlees yn Ljouwert kin mooglik oan de slach by AB Fryslân. It agrarysk útstjoerburo is hjiroer mei de direksje fan it slachthûs yn petear. Friesland Vlees giet meikoarten ticht.
Troch alle kommoasje om it bedriuw hinne wurde kij nei oare slachterijen brocht. AB Fryslân hat in soad fakatueres en mooglik kinne dy ynfolle wurde troch meiwurkers fan de slachterij.