Pranjic selektearre foar EK

Daniël Pranjic yn aksje (foto: Martin de Jong)
Daniël Pranjic fan SC_Hearrenfean is opnaam yn de fuotbal-seleksje fan syn heitelân Kroatië foar it kommende Europeesk Kampioenskip.
Bûnscoach Slaven Bilic is de earste dy´t bekend makket hokker 23 minsken er meinimme wol nei it toernoai yn Switserlân en Eastenryk. Pranjic hat oant no ta njoggen ynterlâns spile en soe op it EK dus op tsien komme kinne. It EK-toernoai begjint oer goed in moanne.