Stil protest by swimbad Grou

Ynwenners fan Grou fiere in stil protest, om't se bot teloarsteld binne dat it iepenloftswimbad De Twine der fertutearze by leit en der foarearst gjin nij swimbad boud wurde sil. De gemeente Boarnsterhim moat besunigje.
In nij swimbad wie tasein, mar dêr is no gjin jild foar. Mei it moaie waar hiene de protestmakkers graach yn it bad swimme wollen, mar dat is net mooglik. As protest ha se har swimguod oan de stekken foar de yngong fan De Twine ophongen.