Laserkontrôle yn NE-Fryslân

05 maaie 2008 - 10:27

Yn Noardeast-Fryslân binne snein alve minsken har rydbewiis kwytrekke, omdat se fierstente hurd rieden. It gie om acht motorriders en trije automobilisten. Se waarden kontrolearre mei in lasergun en in fideowein fan de plysje.

De kontrôles wiene op 80 km-diken by Kollumerpomp en Aldwâld. De oertreders rieden mear as 50 kilometer te hurd. In Dútske autobestjoerder mocht syn rydbewiis hâlde, mar moast fuortdaliks 500 euro boete betelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)