Fergees mei de bus yn Ljouwert

05 maaie 2008 - 09:56

Yn Ljouwert en Súdeast-Fryslân kinne minsken moandei fergees mei de bus. De sjauffeurs fan Arriva en Connexxion kontrolearje moandei gjin ferfiersbewizen fanwege in publyksfreonlike protestaksje.

Se wolle in bettere cao ha. De fakbûnen en de ferfiersbedriuwen binne it noch hieltyd net iens. Ek tiisdei en op 11 en 12 maaie is it ferfier yn it súdeasten fan de provinsje en Ljouwert fergees.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)