Poortema betocht yn Drylts

De deadebetinking yn Drylts luts dit jier folle mear minsken as oars. Dat hie te krijen mei it feit dat ek stilstien waard by de dea fan korporaal Aldert Poortema. De Drylster soldaat kaam yn jannewaris om yn Uruzgan.
Ek by syn grêf waarden blommen en krânsen lein, lykas dat al jierren bart by tinkstiennen fan de fersetstriders en Kanadeeske soldaten op it begraafplak fan Drylts.