Spookrider komt om op A31

05 maaie 2008 - 00:45
  • It wrak fan de auto
  • Heechwurker by it bergingswurk

Op de A-31 tusken Harns en Frjentsjer is sneintejûn in Harnzer (22) omkaam en binne fjouwer oare minsken ferwûne rekke. In autobestjoerder ried by Frjentsjer de ôfrit fan de A-31 op rjochting Harns. Hy wie sa op de ferkearde dykhelte oan it riden.

Dat gong mis by Mullum, want hy botste frontaal op in buske mei in man, in frou en twa bern. De spookrider kaam hjirby om it libben. De ynsittenden fan it buske binne ferwûne nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)