Winst SCO, ferlies Drachten

04 maaie 2008 - 19:39

De kuorballers fan SCO ha snein de twadde wedstriid yn de haadklasse C wûn fan Die Haghe. Op it keunstgers yn Aldeholtpea waard it 13-11. By it skoft wie it 8-6. Lauran Brandsma en Timo Rouam Sim makken beide fjouwer doelpunten. SCO stiet no op it twadde plak mei trije punten út twa wedstriden.

In dei earder ferlear Drachten yn de haadklasse B op it eigen fjild mei 14-12 fan Oranje Wyt út Dordrecht. Drachten hat noch gjin punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)