Trekker stellen by Boksum

04 maaie 2008 - 14:29

In 53-jierrige man út Ingelum is it ôfrûne wykein syn trekker kwytrekke by Boksum. Hy hie de Ford 4000 trekker freedtemiddei parkeard op it Blessumerpaed omdat er gjin brânstof mear hie.

Nei alle gedachten ha oaren dat oplost, want letter wie de trekker fuort. It fuortriden moat mei in soad reek bard wêze, want ien fan de trije silinders is stikken. De plysje freget tsjûgen har te melden op nûmer 0900 - 8844.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)