Hofstra tredde yn Oldemarkt

© Omrop Fryslân
Klaas_Jan_Hofstra fan Appelskea is sneontejûn by de tsien kilometer lange Lambertusloop yn Oldemarkt (Oerisel) tredde wurden. Hofstra rûn de 10.000 meter yn in tiid fan 33 minuten en 48 sekonden.
Peter Visser út Paasloo (Oerisel) waard winner yn 32 minuten en 31 sekonden. Jan Scheenstra út Zuidveen (ek Oerisel) waard twadde op 17 sekonden fan de winner. De fiif kilometer waard wûn troch Stefan Postma fan De Blesse.