Stroomsteuring yn Wolvegea

Yn Wolvegea hat sneontejûn in grutte stroomsteuring west. Yn in grut part fan it doarp foel de stroom om in oer as sân jûns út. NUON hie 2,5 oeren nedich om út te finen wêr't de steuring krekt siet.
Om rûchwei healwei tsienen hie it doarp wer stroom, mar troch in nije steuring foel dy nei fiif minuten alwer út. Diskear duorre de steuring mar in pear minuten. Wat de oarsaak fan de grutte steuring wie, is net dúdlik.