Oarlochsboek oer Drylts

© Omrop Fryslân
Yn Drylts wurdt moandei in boek presentearre oer de stêd yn de Twadde Wrâldoarloch. It giet om it boek 'Levend Oorlogsverleden, IJlst tijdens de Tweede Wereldoorlog' fan de Dryltser Edsko Hekman.
Neist de boekpresintaasje is ek de offisjele iepening fan in eksposysje dy't by it boek heart. Dy eksposysje lit in oersjoch sjen fan de oarlochsjierren yn 'e stêd. Der is ek te sjen wêr't Joadske ûnderdûkers yn 'e stêd sitten hawwe.