Grutte alkoholkontrôle

03 maaie 2008 - 15:36

Freedtejûn en -nacht hat de plysje in grutte alkoholkontrôle hâlden op ferskate plakken yn de provinsje. Sân minsken ha in proses-ferbaal en in rydferbod krigen.

Yn twa gefallen waard sa'n soad dronken dat ek it rydbewiis ynnaam waard. Ien fan har koe sels de auto net mear op de dyk hâlde. Nei eigen sizzen moast er útwike foar in kat op de dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)