Fryslân feilichste provinsje

03 maaie 2008 - 15:19
  • Ferwerderadiel op ien nei feilichste gemeente fan Nederlân

Fryslân is in de feilichste provinsje fan Nederlân. Dat jout de jierlikse misdiedmeter fan it Algemeen Dagblad oan. Yn dy meter wurdt sjoen nei it tal stellerijen, mishannelings en bedrigings yn de gemeenten.

Ferwerderadiel is de op ien nei feilichste gemeente fan Nederlân. Der stean noch fiif Fryske gemeenten yn de top tsien fan feilige gemeenten: Littenseradiel, Kollumerlân, Tytsjerksteradiel, Menameradiel en Wybritseradiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)