Figuranten foar Fryske soap

03 maaie 2008 - 14:56

Foar de nije Fryske soap Bit is Steven de Jong op syk nei figuranten. De 16- dielige searje oer de wrâld fan de drafsport is fan novimber 2008 te sjen op Omrop Fryslân Televyzje.

Yn de searje is der striid tusken in sobere Fryske en in rike Hollânske famylje. Wieke Wiersma, Rense Westra en Daan Schuurmans spylje de haadrollen yn de searje. Foar tal fan lytse roltsjes is Steven de Jong noch op syk nei jonge, aardige, flotte, hippe en foaral gesellige minsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)